Verse 1:
G D A G
Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!
G D A G
’t Opgeande sintsje laket my oan.
G D A D
’t Hoantsje kraait kûkelû, ’t douke ropt rûkûkû,
G D A G
Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.
Verse 2:
G D A G
Alles wat libbet docht der nou sines bij,
G D A G
Fôltsjes en kealtsjes, hynders en kij.
G D A D
Guoskes dy’t snetterje, skiepkes dy’t bletterje,
G D A G
Lamkes dy’t springe, nuvere blij.
Verse 3:
G D A G
’t Ljurkje yn’e wolken, d’eintsjes yn’t lizich wiet,
G D A G
Moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet.
G D A D
Earbarren klapperje, ljipkes wjukwapperje,
G D A G
Skries op’e hikke ropt grito-griet.
Verse 4:
G D A G
’k Woe foar gjin gûne dat’k jit te sliepen lei,
G D A G
’t Is my sa noflik ier op’e dei.
G D A D
Protters dy’t tsjotterje, eksters dy’t skatterje:
G D A G
Alles is fleurich, ik bin it mei!